Boargerhelpferlieners wurde net altyd goed oproppen

26 maaie 2016 - 20:54

De alarmearringen fan boargerhelpferlieners ferrinne net oeral like goed, sa hat de Stichting Reanimaasje en AED fernaam. Boargerhelpferlieners krije in sms of app-ke as se tichtby in melding binne fan in persoan dy't net goed wurden is. Se kinne dan gau teplak wêze en reanimearje. Mar it is wolris foarkaam dat de helpferlieners net alarmearre binne, sa as twa kear yn Noardwest-Fryslân. Sietske van der Mei fan de Stichting Reanimaasje en AED wol leaver net fertelle wêr't dat krekt it gefal wie.

Neffens Van der Mei soe it oan it berik yn in plak lizze kinne, oan it Frysk of oare saken. Se hat wol al kontakt mei de meldkeamer hân en dy ûndersiket it no. Ek doart se net te sizzen oft it net alarmearjen fan boargerhelpferlieners minskelibbens koste hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)