EU: "Boeren, produsearje minder molke"

26 maaie 2016 - 18:18

Europeesk kommissaris Hogan fan lânbou wol de kommende tiid besykje om mei boere-organisaasjes ôfspraken te meitsjen oer it frijwillich minder produsearjen fan molke. Sa'n ôfspraak is neffens de boere-organisaasjes nedich om de lege molkpriis wer wat omheech te krijen. Dy molkpriis leit no yn trochsnee al mear as in jier op sa'n 28 sinten en dat is foar in soad boeren ûnder de kostpriis.

It plan om frijwillige ôfspraken te meitsjen oer minder molke komt in goed jier nei it ôfskaffen fan it molkkwotum.

Hjirtroch lei de molkproduksje yn de earste moannen fan dit jier mear as sân prosint heger as yn 2016.

Gjin nij molkkwotum

De Europeeske polityk fielt lykwols neat foar in nij molkkwotum. Europarlemintariër Jan Huitema - sels ek melkfeehâlder - is skeptysk oer de kâns fan slagjen foar in plan om frijwillich minder molke te produsearjen. Huitema tinkt dat lang net alle Europeeske lannen hjiroan meidwaan sille en dan hat sa'n plan net folle kâns fan slagjen.

Ruslân moat wer iepen

Europarlemintariër Annie Schreijer-Pierik fan it CDA fielt mear foar in tydlik ferplichte maatregel om minder molke te produsearjen. Dy beheinde perioade - frou Schreijer tinkt oan in moanne as trije - soe dan brûkt wurde moatte om de merk foar suvelprodukten te ferbetterjen. Sy fynt dat de Europeeske Kommisje der yn alle gefallen foar soargje moat dat de eksport nei Ruslân wer gau op gong komt. De Russyske grins gie yn 2014 ticht foar Europeeske agraryske produkten en dat is ien fan oarsaken fan de lege molkpriis fan no.

Ruslân wie foar 2014 noch goed foar 25 % fan de agraryske eksport. Europarlemintariër Annie Schreijer - fan it CDA - fynt dêrom dat de Europeeske Kommisje - of oars de Nederlânske regearing - derfoar soargje moat dat de Russyske grins gau wer iepen giet foar suvel en fleis út Nederlân.

Lânboutop

Op de Europeeske lânboutop fan juny - en dat is noch ûnder Nederlânsk foarsitterskip - moat dúdlik wurde oft der ek sa'n Europeeske ôfspraak foar frijwillige molkereduksje komt. Op in harksit yn it Europeesk Parlemint oer de molkkrisis wiene fertsjintwurdigers fan boere-organisaasjes hiel dúdlik oer de gefolgen fan de molkkrisis. Neffens de Spaanske boerinne Isabel Villalba komme in soad boeren fan har koöperaasje hieltiid fierder yn de skulden. Ek út oare Europeeske lannen komme hieltiid mear berjochten fan boeren dy't ophâlde fan buorkjen of allinnich buorkje kinne as se ûnderhâlden wurde troch in partner mei in goeie baan. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)