"Goed petear tusken ûndernimmingsried Caparis en wethâlders"

26 maaie 2016 - 18:07
  • Caparis yn Drachten

Se hawwe der wiken op oantrune, en tongersdei wie it safier: de ûndernimmingsried fan Caparis hat in petear hân mei de wethâlders fan de acht gemeentes dy't oandielhâlder binne fan it bedriuw. It wie in goed petear, seit wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert. Hy hat mei de ûndernimmingsried ôfpraat dat de meiwurkers sintraal stean moatte. Dy moatte goed funksjonearje, seit er, dêr giet it om. Ferskate rieden fan gemeenten, en ek kolleezjes, hawwe al praat oer Caparis, of sille dat dizze wike dwaan.

Mei twa wiken sil der opnij in petear wêze tusken de ûndernimmingsried fan Caparis en de wethâlders fan de oandielhâldende gemeenten. It is al langer krisis by Caparis. Twa direkteuren binne fuortstjoerd, der wurde rjochtsaken fierd, en de ûndernimmingsried hat it fertrouwen opsein yn de ried fan kommissarissen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)