UPDATE: Ofslútdyk nei steuring wer iepen foar it ferkear

File op de Ofslútdyk © Frits Mostert
Nei in koarte steuring oan de Stevinslûzen kin it ferkear wer oer de Ofslútdyk. Troch de steuring stie it autoferkear koarte tiid fêst yn de rjochting fan Noard-Hollân. Der wie in monteur fan Rykswettersteat op de brêge om de steuring te ferhelpen, in twadde monteur is dêrby kaam om it sa fluch mooglik klear te krijen. In wurdfierder fan Rykswettersteat kin noch net sizze hoe't de steuring krekt ûntstean koe, dat wurdt noch ûndersocht. Earder dizze moanne wiene der ek al steuringen oan de brêge oer de Stevinslûzen.