Soarch oer hûs-oan-hûs kranten Achtkarspelen

Streekblêden © Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Boargemaster en wethâlders fan Achtkarspelen moatte útsykje hoe't it kin dat net elkenien yn de gemeente alle fjouwer hûs-oan-hûs kranten krijt. Dat wol de FNP. Yn Achtkarspelen wurde De Streekkrant, De Actief, De Feanster en De Kollumer hûs-oan-hûs ferspraat, mar dat rint net altyd goed. De FNP krijt der fragen en klachten oer. De partij fynt dat der wat barre moat, omdat der yn dy kranten in gemeentlike ynformaasjeside stiet, dy't no dus net alle ynwenners berikt. En neffens de FNP is dat wol ferplichte.