Caparis en Sinnema bestride inoar opnij mei koart pleit

26 maaie 2016 - 15:43

Caparis en de útsluten direkteur Tjerk Sinnema steane kommende tiisdei wer tsjinoer inoar yn de rjochtbank. Beide hawwe in koart pleit oanspand. Caparis hie al oankundige dat se mei in koart pleit de útspraak fan de rjochter, dat Sinnema sa gau as mooglik wer oan it wurk moat yn it bedriuw, ferneatigje wol. Oan de oare kant spant Sinnema in koart pleit oan tsjin Caparis. Hy wol dêrmei syn weromkommen nei it bedriuw ôftwinge.

Ek wol Sinnema dat Caparis him oan de útspraak fan de rjochter hâldt. De ynset fan it koart pleit fan Sinnema is in twangsom fan 2000 euro, dy't it bedriuw betelje moatte soe foar alle dagen dat de direkteur net oan it wurk is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)