FIDEO: It seizoen fan de iepenloftspullen sil no echt los

Fryslân is de provinsje fan de iepenloftspullen, amateurtoaniel yn de iepen loft. Yn ferskate Fryske doarpen wurkje hûnderten frijwilligers alle jierren wer spikerhurd om de moaiste stikken op de planken te bringen. Net allinne mei folwoeksenen, mar ek bern spylje har eigen iepenloftspul.
Omrop Fryslân jout dit simmerseizoen ekstra omtinken oan de iepenloftspullen dy't kâns meitsje op in Gouden Gurbe. Dizze wike giet it seizoen echt los. Sa wie woansdeitejûn de premjêre fan mar leafst twa stikken: it keatsiepenloftspul "Koaning op sokken" yn Sint-Anne en de famyljefoarstelling "Lang en Lokkich" op De Himrik. Tongersdeitejûn wurdt it stik 'Reboelje yn Gaasterlân' foar it earst opfierd yn Aldemardum. Hjir alfêst in foarpriuwke fan al dizze trije spullen.
Alle ynfo oer de iepenloftspullen fan 2016 is te finen op omropfryslan.nl/iepenloftspullen.
Aldemardum - "Reboelje yn Gaasterlân"