4 jier sel foar deadlike klap by fiskerijdagen

In 36-jierrige man út Harns hat tongersdei fjouwer sel oplein krigen, omdat er ferline jier yn in kroech in man út Kimswert deaslein hat. De man is feroardiele foar swiere mishanneling, omdat net bewiisd wurde koe dat er de bedoeling hie syn slachtoffer dea te slaan. Doe't de rjochter de strafmaat foarlies, reagearren de neibesteanden fan it slachtoffer emosjoneel.
De straf fan fjouwer jier sel is swierder as de eask fan it Iepenbier Ministearje. Dy woe de fertochte fjouwer jier sel wêrfan in healjier ûnder betingst oplizze. De rjochtsaak soarge foar in soad opskuor, omdat it slachtoffer, Piet Lichtendahl, in bekende ferskining yn Harns wie. Boppedat barde it ferline jier mei de Harnzer Fiskerijdagen.
Petysje
Vera Kok, de freondinne fan Piet Lichtendahl, sil in petysje opsette. Se wol hântekens sammelje om it ûnderwerp op de aginda fan de Twadde Keamer te krijen. Se wol dat der hegere straffen komme foar sinleas geweld wêrby't minksen om it libben komme. Der binne fjirtichtûzen hântekens nedich op it op de aginda te krijen fan de Twadde Keamer.