Steatssekretaris Van Dam iepenet Dairy Campus yn Ljouwert

Steatssekretaris Martijn van Dam fan Lânbou hat tongersdeitemoarn de Dairy Campus oan de Boksumerdyk yn Ljouwert offisjeel iepene, it nasjonale ynnovaasjesintrum foar de melkfeehâlderij. Dat rjochtet him op de ûntwikkeling fan in duorseme suvelketen. De Dairy Campus docht ûndersyk en fiert ynnovaasjeprojekten út mei ûndersikers fan de universiteit fan Wageningen en bedriuwen.
De offisjele iepening makket ûnderdiel út fan trije iepen dagen. Fan 26 oant en mei 28 maaie stean meardere aktiviteiten op it programma en kinne bedriuwen út de suvelsektor harsels presintearje.