Keunstwurk Ljouwert is sammelplak foar aksje Klassiek Geeft

26 maaie 2016 - 12:09

Keunstwurk yn Ljouwert is oant en mei 10 juny ien fan de goed tweintich sammelplakken yn Nederlân foar de aksje Klassiek Geeft fan NPO Radio 4. Mei dizze aksje wol de stjoerder safolle mooglik muzykynstruminten en jild ynsammelje foar it Instrumentendepot Leerorkest. Dat lient muzykynstruminten út oan leerorkesten en oare soartgelikense inisjativen foar basisskoalbern.

Minsken kinne fan moandei oant en mei freed harren brûkte muzykynstruminten by Keunstwurk bringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)