Keramykmuseum Princessehof is twa seldsume byldsjes riker

Keramykmuseum Prinsessehôf yn Ljouwert
Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert keapet twa hiel seldsume byldsjes. It giet om saneamde Kakiemon plastiken út de santjinde iuw. Der is yn ús lân gjin inkelde iepenbiere kolleksje dêr't soks te sjen is. Allinnich musea yn Londen en Rome hawwe se ek yn Europa.
It giet om twa damesfigueren mei kimono's. Mei dizze oankeap tinkt it keramykmuseum as iennichste yn Nederlân it ferhaal fertelle te kinnen fan de wikselwurking tusken keramyk út it easten en it westen.