Meiwurkers Caparis gean mei FNV by wethâlders del

26 maaie 2016 - 10:33
  • Caparis

Mar leafst 250 meiwurkers fan sosjale wurkfoarsjenning Caparis sille no moandei mei it fakbûn FNV del by wethâlders yn acht gemeenten. Sy bringe 'vergeet-mij-nietjes' en freegje de wethâlders omtinken foar de posysje fan de 2500 meiwurkers fan Caparis. Neffens de meiwurkers en it fakbûn komt Caparis ôfspraken út de cao net nei. In soad meiwurkers wurde ûnterjochte al fiif jier lang op it minimumlean hâlden.

Boppedat wurdt omtinken frege foar it feit dat it al lang rommelet by Caparis. Dêroer hat in soad negative publisiteit west en dat draacht net by oan in positive wurkomjouwing. De meiwurkers fan Caparis ride moandei fia twa busrûtes by de acht gemeenten del. Sy freegje de wethâlders in petysje te ûndertekenjen, wêryn ûnder oaren stiet dat dy wethâlders harren ynsette sille foar in feilich wurkplak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)