Trochbraakteam by oerlêst minsken mei psychyske problemen

26 maaie 2016 - 08:10

Ferskate Fryske ynstânsjes wurkje gear om oerlêst fan minsken mei psychyske problemen safolle mooglik te beheinen. Den Haach wol dat dy minsken safolle mooglik thús opfongen wurde. Dêrtroch rinne der hieltyd mear minsken op strjitte om, dy't yn de war binne. Yn ekstreme gefallen kinne gemeenten no in trochbraakteam ynsette.

Dêr sitte minsken yn fan de plysje, it Iepenbier Ministearje, de gemeente, GGZ, ferslavingssoarch, de wenningboustichting en de soarchfersekering.

De gearwurking is in inisjatyf fan it veiligheidshuis Fryslân, ûnder lieding fan boargemaster Crone fan Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)