Provinsje wol sympoasium sirkulêre ekonomy organisearje

25 maaie 2016 - 22:43

De provinsje Fryslân sil in spesjaal sympoasium organisearje oer de sirkulêre ekonomy yn Fryslân. Dat sei kommissaris fan de Kening John Jorritsma woansdei by de fyfde Rede van Fryslân.

Jorritsma wie, sa't er it sels sei, fergulde mei it feit dat Prins Carlos de Bourbon de Parme sprekke woe. De prins spruts syn waardearing út foar Fryslân as foarbyldregio fan plakken dêr't in soad dien wurdt oan sirkulêre ekonomy.

2018
It sympoasium moat sjen litte wat der barre moat yn Fryslân om de ekonomy mear sirkulêr te meitsjen. Al yn 2018 moatte dêr de earste resultaten fan te sjen wêze.

Werbrûke
Earder dizze moanne makke de provinsje bekend dat de Vereniging Circulair Fryslân 100.000 euro subsydzje fan de provinsje kriget om de sirkulêre ekonomy te stypjen. Dat betsjut dat produkten en materialen op 'e nij brûkt wurde.

Jild besparje
De feriening wol gearwurkje mei Fryske organisaasjes en organisearret projekten en aktiviteiten. Neffens de Vereniging Circulair  Friesland jout in sirkulêre ekonomy ûndernimmers in soad kânsen. Sy besparje bygelyks jild, trochdat minder grûnstoffen brûkt wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)