Haai rêden yn Bantshoeke by Lauwerseach

25 maaie 2016 - 21:59

Meiwurkers fan de seehûnekresj Pieterburen hawwe in seldsume haai rêden yn de Bantshoeke net fier fan Lauwerseach. It giet nei alle gedachten om in glêde haai, yn it Nederlânsk ek wol 'gevlekte toonhaai' neamd.

De fisk is 80 oant 100 sintimeter lang en hy lei yn in slinke yn de ûndjippe Bantshoeke. De meiwurkers fan de kresj wiene dêr omdat der in melding fan in deade seehûn binnenkaam wie. Doe't se oan it sykjen wiene, seagen se de haai sparteljen yn de ûndjippe slinke.

Yn oerlis mei in saakkundige fan de Diergaarde Blijdorp yn Rotterdam is it bist yn in grutte bak nei djipper wetter brocht. "Na een rondje verdwaasd rondzwemmen is ze daarna weggezwommen", seit Sander van Dijk fan de seehûnekresj. It is tige seldsum dat de 'gevlekte toonhaai' - ek ek wol glêde haai neamd - sjoen wurdt yn de Waadsee.

Foar soarchkoördinator Michael Bakker Paiva fan it seehûnesintrum yn Pieterburen wie it in bysûndere wike. Snein holp er noch by de rêding fan in brúnfisk.

Trefwurden: 
haai Lauwerseach
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)