Dirk Jan Pesman bêste foarlêzer fan Nederlân

25 maaie 2016 - 21:18

Dirk Jan Pesman fan kristlike basisskoalle De Wegwijzer yn Wolvegea is woansdei útroppen ta nasjonaal foarlêskampioen. De wedstriid waard hâlden yn de skouboarch fan Amstelveen. De Stichting Lezen organisearret de wedstriid yn de mande mei de biblioteken. Bern út de twa heechste groepen fan it basisûnderwiis kinne meidwaan.

Dirk Jan waard yn april ek al Frysk foarlêskampioen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)