Marit Bouwmeester hâldt earste plak fêst op blêdstil Iselmar

25 maaie 2016 - 20:32

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten hâldt it earste plak fêst yn de Delta Lloyd Regatta yn Medemblik. Se kaam woansdei as fjirde en as tredde oer de finish. En sa bliuwt se rom oan de lieding. Der wie amper wyn. Dat wie hiel oars as tiisdei, op de earste dei fan de regatta. Doe like it betiden wol te stoarmjen.

Bouwmeester wie der bliid mei dat dochs noch twa wedstriden fersyld wurde koenen yn har Laser Radialklasse. Dêr like it earst net op. Se sei nei ôfrin dat it hiel oars silen wie op it flakke wetter as in dei earder.

De Delta Lloyd Regatta duorret noch oant en mei sneon.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)