Legobouwers Comenius wurde ûntfongen op stedhûs Ljouwert

25 maaie 2016 - 20:22
  • De fiif Comeniuslearlingen dy't meidien hawwe oan de finale legobouwen yn Amearika

De legobouwers fan de CSG Comenius binne woansdei ûntfongen op it stedhûs fan Ljouwert. Fiif learlingen hawwe okkerdeis meidien oan de finale fan de First Lego League yn Amearika. Se moasten it yn de finale opnimme tsjin likernôch hûndert teams út tachtich lannen. It wie foar it earst dat it Frysk team yn de finale kaam. Se witte noch net op hokker plak oft se einige binne.

De learlingen hawwe in protte leard, benammen oer nije kultueren en it meitsjen fan in goede planning. It jild foar de reis kaam fan tolve grutte sponsors.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)