Bedriuw tsjin jaarûntstekking komt nei It Hearrenfean

25 maaie 2016 - 15:59

It bedriuw Mastiline út De Meern (Utrecht) ferhuzet nei It Hearrenfean. It bedriuw makket it mooglik dat ûntstekkings oan jaren yn in betiid stadium ûntdutsen wurden. Boeren kinne dan fuortendaliks maatregels nimme en hoege dan net oer te gean ta antibioatika. Op It Hearrenfean wurde de sensors makke dy't de earste tekenen fan in ferkeard fearn sjen litte.

Op It Hearrenfean komme foarearst seis minsken te wurkjen. Evert van der Werfhorst fan Mastiline ferwachtet dat dat tal de kommende twa jier útgroeie sil nei sawat tritich meiwurkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)