Bern It Amelân pleatse hoanne op toer Sint Clemenstsjerke

© Twitter @richardtkiewiet
Learlingen fan de Kardinaal de Jongskoalle op It Amelân pleatse kommende freed de hoanne op de toer fan de Sint Clemenstsjerke. It is in bysûnder momint yn de weropbou fan de tsjerke dy't yn 2013 hielendal ôfbaarnde.
Ferline jier oktober is mei de weropbou begûn. De fersekering kearde 3,2 miljoen euro út, mar dat wie net genôch. Mei help fan fûnsen en donaasjes is de isolaasje en flierferwaarming betelle. Learlingen fan de skoalle neist de tsjerke sammelen 2200 euro yn.
Mei dat jild makke in spesjalistysk bedriuw op basis fan de âlde ûnderdielen in nije hoanne.