Man út Dronten mishannelet helpferliener yn Drachten

25 maaie 2016 - 10:45

In 29-jierrige Drontenaar hat moandeitejûn twa auto's fernield en in ambulânsemeiwurker mishannele yn Drachten. Omstanners fûnen de man op de Splitting. Hy lei op de grûn njonken in fyts en wie út de tiid. Doe't er bykaam, waard de Drontenaar agressyf en fernielde hy de auto's fan de omstanners.

Op it momint dat de ambulânse arrivearre, mishannele hy in helpferliener. De plysje hat de man ûnder kontrôle krigen. Dêrby hat de fertochte ek noch in plysjeman mei de dea bedrige. De Drontenaar sit noch fêst op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)