Nederlânsk alvetal komt sneon by Blau Wyt '34 yn Ljouwert

25 maaie 2016 - 10:00

De fuotballers fan it Nederlânsk alvetal bringe sneon in besite oan Ljouwert. Dat is yn it ramt fan de 'Oranje fandag' dy't de haadsponsor ING organisearret. Blau Wyt '34 is amateurpartner fan de sponsor en is frege om gasthear te wêzen fan it evenemint.

De seleksje fan bûnscoach Danny Blind en de technyske stêf bringe ek in besite oan fjouwer oare amateurklups yn Nederlân: MOC'16 út Bergen op Zoom, Oss'20, Reiger Boys út Heerhugowaard en Sparta Enschede. De seleksje wurdt mei helikopters ferdield oer de klups.

Oefenduels

Op it stuit is it grutte Oranje yn it Portugeeske Laos yn tarieding op in searje oefenwedstriden. Freed spilet Oranje earst noch in oefenduel tsjin Ierlân yn Dublin. Sneon fljocht de seleksje werom foar de besites. Mei de helikopter wurdt de seleksje wer nei Schiphol brocht.

Noch deselde dei fljocht de seleksje wer werom nei Portugal, want takom wike folgje noch duels mei Poalen en Eastenryk. De besite duorret neffens foarsitter Rudy Douma fan Blau Wyt '34 net lang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)