Fryslân krijt 'voedselcoöperatie'

25 maaie 2016 - 06:01
  • Us Iten
  • Us Iten

Fryslân krijt ynkoarten in 'voedselcoöperatie'. Dizze feriening hat it doel om mienskiplik biologysk iten yn te keapjen en op ien plak te sammeljen. It idee komt fan Bregje Hamelynck fan Us Hôf yn Sibrandabuorren. By har op de pleats kinne de leden fan Us Iten op sneontemoarn it biologysk iten dat se online besteld hawwe ophelje. Alle bio-produkten komme út de omkriten fan har doarp.

Us Iten wurket gear mei De Streekboer. Dy feriening bringt boeren en konsuminten mei-inoar yn kontakt. Alles wat de boeren ferkeapje, stiet op ien webside.

Minsken kinne it dêr bestelle en ophelje op in lokaasje yn de buert. Mar om't De Streekboer ek produkten ferkeapet dy't net biologysk binne, hat Bregje Hamelynck de 'voedselcoöperatie' betocht.

Us Hôf

Hamelynck is eigener fan de 'Zelfoogsttuin' Us Hôf, dêr't minsken sels har eigen griente ferbouwe en rispje kinne. Mar Hamelycnk woe mear as griente ferkeapje en hat dêrom Us Iten oprochte, dêr't bygelyks ek bio-fleis, bio-bôle en bio-molke ferkocht wurde sil.

Op 18 juny sil wethâlder Mirjam Bakker fan Súdwest-Fryslân offisjeel it ôfhelplak by de pleats fan Bregje Hamelynck yn Sibrandabuorren iepenje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)