Flinke taname plasdrasgebiet yn Fryslân

24 maaie 2016 - 22:02
  • Plasdras
  • Plasdrasgebiet

It tal plasdrasgebieten yn Fryslân is dit jier al mei inkelde tsientallen persinten tanaam. Dit meldt it KBF, in gearwurkingsferbân fan sân Fryske agraryske organisaasjes. De taname fan it tal plasdrassen is geunstich foar greidefûgels, dy't dêryn graach nei fretten sykje.

Op dizze wize moat it tal greidefûgels yn de provinsje wer tanimme. Sa'n 200 belutsen boeren hawwe yn totaal sa'n 112 bunder plasdras oanlein. Se krije dêrfoar in fergoeding fan it KBF.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)