Postsegelhannel wol gjin beam foar winkel

24 maaie 2016 - 21:30
  • De winkel yn Drachten

In nij te plantsjen beam soarget mooglik foar hûnderttûzenen euro's oan skea by Postsegelhannel Feddema yn Drachten. De gemeente wol nije beammen plantsje oan de Stasjonswei en ien fan de beammen komt pal foar de winkel fan Feddema.

Neffens eigener Thom Feddema sil dat soargje foar grutte problemen. It klimaat yn de winkel is sa ôfsteld dat der sa min mooglik focht by de postsegels komme kin. De komst fan de beam soarget ûnder oaren foar skaad yn de winkel en dêrtroch giet de fochtichheid omheech.

Dat is funest foar de postsegels, sa seit Feddema. Dy begjinne dan te rustkjen en wurde yn ien klap sa'n 90 persint minder wurdich.

Feddema wol mei de gemeente om tafel om te sjen oft de beam ek earne oars komme kin, mar neffens de gemeente is dêr gjin sprake fan. De beam stiet al hiel lang yn de planning en Feddema wie der ek fan op de hichte, sa seit de gemeente. Syn beswieren binne bekend, mar binne net slim genôch om de werynrjochting fan de Stasjonswei oars oan te pakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)