Rappe besoargers op brommers wurdt de wacht oansein

De besoargers fan ferskate restaurants yn Drachten soargje foar oerlêst en gefaarlike sitewaasjes yn it sintrum. It is sels sa gefaarlik dat de plysje yngripe wol. Neffens wykagint Lukas Westerhof ride de besoargers faaks fierstente hurd en boppedat brûke se de fytspaden.
Ferline wike waard op it Mûnein in famke troch in pizzakoerier oanriden. De restaurants yn Drachten krije dizze wike in brief fan de plysje en de gemeente weryn maatregels oankundige wurde.
Sa sil der tenei troch de plysje mear kontrolearre wurde op it brûken fan de fytspaden. Ek sil der earder bekeurd wurde.