Tariedingsprogramma SC Cambuur krijt stal

24 maaie 2016 - 18:13
  • It stadion fan SC Cambuur

It programma fan SC Cambuur as tarieding op it nije fuotbalseizoen is foar in grut part bekend. De Ljouwerters sette op 22 juny útein mei in trainingskamp op It Amelân. Op 25 juny is dan de earste offisjele training yn it Cambuurstadion yn Ljouwert. De earste wedstriid fan it nije seizoen wurdt lykas alle jierren spile tsjin D.T.D. op 1 july yn Jelsum.

De earste wedstriid tsjin in klup út it betelle fuotbal is op 5 july tsjin FC Emmen. Dêrnei folgje noch wedstriden tsjin SC Telstar, FC Den Bosch en Almere City FC.

It folsleine programma is te finen op de webside fan SC Cambuur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)