Keunstprojekt DNA Ljouwert 2018 yn 'e startblokken

24 maaie 2016 - 17:23

It keunstprojekt DNA Ljouwert 2018 moat offisjeel noch út de startblokken, mar de earste reagearbuiskes wurde al útdield. It is de bedoeling dat eltsenien dy't wat mei Ljouwert hat, eat yn de buiskes docht. Gjin echt DNA fansels, mar wol wat persoanliks dat in ferhaal fertelt.

Mei yn totaal 120.000 fan dy buiskes wurdt in keunstwurk makke yn de foarm fan in skulp. Dy komt yn it Ljouwerter stedskantoar te stean. Keunstner Hein de Graaf wie fan 'e middei by de ynternasjonale skeakelklas fan it Ljouwerter Lyseum om de bern te ynspirearjen.

En sa binne der noch mear skoallen dêr't soks bart. Uteinlik moat it projekt folle grutter útrolle wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)