Huizing en De Fockert langer by SC Hearrenfean

Willem Huizing © awfoto.nl
SC Hearrenfean ferlinget de kontrakten fan twa talinten út it belofteteam. De 21-jierrige ferdigener Willem Huizing fan De Harkema bliuwt yn alle gefallen oant 2017 by de fuotbalklup. Huizing wie dit seizoen de oanfierder fan Jong SC Hearrenfean.
Ek it kontrakt fan de 21-jierrige twadde doelman Maarten de Fockert wurdt ferlinge. Hy mei bliuwe oant 2018, mei in opsje foar twa ekstra seizoenen. Beide spilers waarden dit seizoen kampioen mei Jong SC Hearrenfean yn de reservekompetysje.