Mooglik aksjes yn it iepenbier ferfier

Der driigje aksjes yn it iepenbier ferfier. Fakbûnen en werkjouwers binne der net útkaam yn de ûnderhannelings oer in nije CAO. Stroffelblok is foaral in leanbod fan 1,75 persint. Dat soe yn july yngean, mar de CAO is in healjier lyn al ôfrûn, sadwaande komt de leansferheging del op de helte, seit it fakbûn CNV vakmensen.
Ferline wike stimden de leden fan de fakbûnen FNV en CNV it oanbod fan de wurkjouwers fuort. Dizze wike meitsje de fakbûnen in rûntsje by de leden del om te hearren oft se aksjefiere wolle.
Tiisdeitejûn kinne sjauffeurs yn Drachten har miening jaan, woansdei is Ljouwert oan de beurt. As de sjauffeurs manmachtich foar stimme, dan komme der aksjes, mar de fakbûnen wolle noch net sizze wat foar aksjes. Se slute net út dat it iepenbier ferfier stillein wurdt.