Wurkstraf foar stekken mei heafoarke

24 maaie 2016 - 16:09
  • Heafoarke (stockfoto)

In 51-jierrige man út Wynjewâld hat in wurkstraf krigen fan 40 oeren foar it stekken fan syn broer mei in heafoarke. De fertochte foel foarich jier septimber syn broer oan mei de heafoarke, doe't er seach dat syn broer guod út de erfenis fan syn âlden meinimme woe. De twa hawwe dêr al jierren spul oer.

De straf falt leger út as de eask. It Iepenbier Ministearje easke in wurkstraf fan twahûndert oeren. Neffens de rjochter wie der gjin sprake fan besykjen ta swiere mishanneling.

Dêrnjonken wie in selstraf ûnder betingst easke fan twa moanne en in jildboete fan 3.500 euro. De rjochter wiisde dy beide easken ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)