Gemeente en plysje stjoere brief oer hurdriders Drachten

24 maaie 2016 - 14:15

De gemeente Smellingerlân en de plysje fan Drachten binne fan doel maatregels te nimmen tsjin hurdriders yn it sintrum. Beide partijen stjoere in brief rjochting alle bedriuwen dy't yn it sintrum besoargje.

Dêryn stiet dat besoargers harren oan de snelheid hâlde moatte, oars folgje boetes. De brief wurdt nei alle gedachten yn de rin fan de wike ferstjoerd.

Ofrûne snein gong it mis yn Drachten doe't in famke oanriden waard troch in besoarger op in brommer. It famke kaam út restaurant Smelnehûs op it Mûnein. Undernimmers kleie al in skoft dat der yn dy strjitte te hurd riden wurdt.

De gemeente sette earder buorden del om minsken op de maksimumsnelheid te wizen, mar dat holp net. Ek ekstra kontrôles fan de plysje smieten net it winske resultaat op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)