Kollumerlân freget ynwenners miening oer ynstellen keapsnein

24 maaie 2016 - 13:48

It kolleezje fan de gemeente Kollumerlân start in diskusje oer de keapsnein yn de gemeente. Ynwenners en ûndernimmers kinne harren miening jaan, wêrnei't de gemeenteried op 16 juny in beslút nimt.

Boargemaster en wethâlders komme mei trije farianten foar de keapsnein. Yn de earste fariant geane de supermerken yn alle doarpen alle sneinen tusken 12.00 en 18.00 oere iepen. Yn de twadde fariant jildt itselde, mar dan foar alle winkels. Yn de tredde fariant feroaret der neat en komt der gjin keapsnein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)