Kommandant Traas genietet fan ynternasjonale oandacht om JSF

24 maaie 2016 - 12:57
  • Commandant Denny Traas

De Ljouwerter fleanbasis stie moandei nasjonaal en ynternasjonaal yn it middelpunt fan de belangstelling fanwegen de oankomst fan de F-35, de Joint Strike Fighter. Tûzenen spotters hienen de dei fan harren libben. Kommandant Denny Traas is bliid mei alle oandacht foar de fleanbasis en de JSF. "Ik geniet hiervan", seit Traas.

Woansdei sil de belangstelling wer grut wêze, want dan binne de 'belevingsvluchten'. Hielendal seker dat de flechten trochgean, is it noch net, dat hinget wol fan it waar ôf. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)