Fryske âlden kontrolearje selektyf op tikebiten by bern

24 maaie 2016 - 12:02
  • Tyk op hân

Fryske âlden binne wol alert op tiken, mar kontrolearje harren bern dêr mar selektyf op. Dúdlik is wol dat bewenners fan it súdeasten en it súdwesten fan de provinsje mear kontrolearje op tiken as yn gebieten mei minder bosk. De húsdokter wurdt meastentiids allinnich besocht as der in reade ring om de tikebyt ferskynt of as it plak read is.

Dit docht bliken út ûndersyk troch GGD Fryslân. Oan it ûndersyk diene 800 âlden mei. Ut it ûndersyk docht fierders bliken dat de measte bern wol witte hoe't in tyk der útsjocht.

Fan de bern oant 18 jier is gemiddeld goed 40 prosint wolris biten troch in tyk. Hast 70 prosint fan de minsken jout oan dat se harren sels beskermje tsjin tiken.

Guon dogge dat troch yn de natuer gjin koarte broeken of t-shirts te dragen of troch harren sels of de klean mei Deet yn te smarren.

Besjoch hjir alle sifers út it ûndersyk fan de GGD.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)