Ynwenners Wynjewâld noch net tefreden oer nije N381

24 maaie 2016 - 11:48

Omwenners fan it nije stik fan de N381 tusken Drachten en Drinte hawwe noch hieltyd lêst fan lûdsoerlêst. Guon omwenners binne holpen mei ierden wâlskanten, skermen of beammen om it lûd te remjen.

Minsken dy't by de brêge oer de Kompanjonsfeart by Wynjewâld wenje, hawwe dat lykwols net. Earder kamen der ek al in soad klachten fan de Balkwei yn Donkerbroek. Deputearre Sietske Poepjes seit yn reaksje de saak serieus te nimmen, mar kin gjin garânsjes jaan oft en wannear't der maatregels folgje.

Lûdsnoarmen

Ferline jier septimber is de fernijde dyk yn gebrûk naam. Der binne lûdsnoarmen foar huzen dy't krekt njonken in grutte dyk stean mar dy falle krekt ferkeard út foar bewenners fan bygelyks de Tjalling Harkeswei.

Neffens Gooitzen Stoker en Dute Faber dy't oan dizze strjitte wenje, komme se tsienden fan in desibel tekoart en falt de sitewaasje dêrtroch krekt binnen de noarmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)