Claudy Jongstra wint priis op wrâldferneamde túnshow

Keunstner Claudy Jongstra fan Spannum hat by de Chelsea Flower Show in 'silver gilt' medalje wûn mei de showtún dy't sy dêr dit jier hat. Silver gilt is de op ien-nei-heechste ûnderskieding - goud is it heechste - dy't in tún winne kin. De Chelsea Flower Show is de belangrykste show fan de wrâld foar túnûntwerpers en plantekwekers.
Der dogge alle jierren wrâldferneamde túnûntwerpers oan mei. Claudy Jongstra hat har tún makke yn gearwurking mei túnarsjitekt Stefan Jaspers.
Der binne allegear âlde gewaaksen yn te sjen dêr't fervestoffen foar tekstyl mei makke waarden. Har túnprojekt is ûnderdiel fan Ljouwert Kulturele Haadstêd.