Groep mishannelet Ljouwerter en slacht him tosken út de mûle

24 maaie 2016 - 10:09

In 24-jierrige Ljouwerter is it ôfrûne wykein ynelkoar slein troch seis persoanen. Sy skopten it slachtoffer en sloegen him yn it gesicht. De Ljouwerter mist dêrtroch syn twa foartosken. It slachtoffer seach dat de groep op it Cambuursterpaad in famke lestich foel. De Ljouwerter sei dêr wat fan, wêrnei't de fertochten achter de man oangongen.

Op de krusing fan it Cambuursterpad mei de Pasteurwei is er mishannele. De plysje siket tsjûgen fan it ynsidint. Ek wol de plysje graach yn kontakt komme mei it famke dat lestich fallen is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)