Kollum: "Op 'e klompen oanfiele"

24 maaie 2016 - 08:25

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

"Foar foarige wike bruts my de klompe. Letterlik. Under it opheegjen fan wat stiennen en tegels bruts er mei in lûd kreakjen yn twaen. De kat skrok him in ûngelok –dy fleach as in JSF troch de loft- en ik hie in ankelbân fan hout om de foet te bongeljen. Tiid foar nije, mei oare wurden.

Wa’t klompen seit, seit Skerjon. Skerjontsjes binne wrâldferneamd yn Fryslân en omkriten. Dat die mar wer ris bliken doe’t wy sneontemoarn yn Noardburgum kamen. It tilde dêr op fan de minsken dy’t oan in pear nije ta wiene, of guon kochten omdat it sa ‘leuk’ wie. Skerjontsjes binne in begryp. En dêr is gjin Merk Fryslân oan te pas kaam. De klompen fan Skerjon binne in prachtich foarbyld fan kwaliteit dy’t himsels ferkeapet, in regionaal en earlik produkt dat past yn in sirkulêre ekonomy. Want sa is it ek noch in kear.

De minske en de minskheid wachtsje grutte útdagings. It klimaat feroaret, de fossile brânstoffen reitsje op, it seewetter komt heger, de wrâldbefolking groeit en dêrtroch driget in tekoart oan iten en skjin drinkwetter. Om mar even wat te neamen. De tiid om te feroarjen is no. Yn stee fan mear moatte wy nei minder, yn stee fan grutter moatte wy nei lytser.

Yn begjin jierren 70 ferskynde in boek mei de titel ‘Small is beautiful’ fan de ekonoom Ernst Fritz Schumacher. Dêryn bepleitet er skaalferlytsing yn stee fan skaalfergrutting. ‘Want,’ sa skriuwt er, ‘ûneinige groei fan materiële konsumpsje yn in einige weareld is ûnmooglik. Eltse dwaas kin dingen grutter en yngewikkelder meitsje, mar it fereasket in protte moed en in bytsje talint en genialens om krekt it tsjinoerstelde te dwaan.’ Werom nei de minsklike mjitte, dus. Werom nei lytse, autonome mienskippen, basearre op in sirkulêre ekonomy ûnder it motto: genôch is genôch.

Sirkulêre ekonomy is in ekonomy dêr’t grûnstoffen en harren kwaliteit net yn ferlern gean, mar ûneinich recycled wurde kinne. Enerzjy komt net mear út fossile boarnen, mar út fernijbere boarnen. Dy sirkulêre ekonomy is ek sa ynrjochte dat it natuerlik kapitaal –it ekosysteem en de biodiversiteit- stipe en fersterke wurde yn stee fan ôfbrutsen. Klinkt dat as in utopy? Miskien wol. Mar it aardige is dat dêr al hurd oan wurke wurdt, benammen hjir yn Fryslân. De stifting Urgenda ferset bulten wurk op dat mêd. Tsjek de site, en yn it bysûnder it Tema Circulair Fryslân en it fisystik Fryslân 2040. Dat giet oer de takomst, mar wol ien dêr’t no oan wurke wurdt.

Lytsere skoallen, lytse enerzjykoöperaasjes, lytse soarchferlieners. Boeren dy’t sels de molke ferwurkje ta einprodukten en fuort fan it hiem ôf nei regionale ôfnimmers bringe. Of nei in distribúsjesintrum foar eksport nei it bûtenlân. Mei auto’s dy’t ride op ‘grien gas’ dat se sels produsearje. Soks. It kin. En it moat. Mar wol op klompkes fan Skerjon, dat seit himsels."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)