Syrysk gesin sjocht út nei ferhuzing nei doarpshûs Jorwert

It Syryske gesin dat yn Jorwert komt te wenjen hat der bot sin oan. Dat die moandei bliken doe’t de heit en de mem mei harren soan fan trettjin yn it doarp wiene om it hûs te besjen. Lykas bekend wurdt it doarpshûs fan Jorwert op dit stuit ferboud ta wenhûs foar in grut gesin.
Dit is in inisjatyf fanút it doarp sels. Omdat it om in grut hûs giet, kin der ek in grut gesin yn wenje. Dizze gesinnen binne dreech te húsfestjen, omdat de gewoane hierwenningen yn de sosjale hiersektor te lyts binne.
De heit en mem wiene moandei fanút Oisterwyk nei Jorwert kaam om it doarp en it hûs te besjen. Se fûnen it hûs hiel moai en binne Jorwert tankber, sa die bliken. It hierkontrakt, dat nije wike yngiet, is moandei ek ûndertekene.
Fierder binne se ynskreaun yn de gemeente, de bern binne ynskreaun op skoalle en der binne alderhande útkearingen en taslaggen oanfrege.