F-35's oankaam op Fleanbasis Ljouwert

De twa nije F-35's fan de Keninklike Loftmacht binne moandei om sawat healwei tsienen oankaam op de fleanbasis yn Ljouwert. It fleantúch Gulfstream fan Definsje mei dêryn minister Hennis-Plasschaert en de kommandant fan de Loftstriidkrêften helle de twa fleantugen boppe de Noardsee op. De twa F-35's en it Loftmachtfleantúch fleagen earst ien kear oer de fleanbasis hinne. Dêrnei lânen se ien foar ien.
Der wiene in soad minsken op de oankomst fan de nije gefjochtsfleantugen ôfkaam, belangstellenden en ek parse.
Nederlân sil 37 fan dit soart fleantugen (JSF, oftewol F-35) bestelle. Dy sille uterlik yn 2019 de F-16's ferfange. De twa F-35 fan no binne yn Nederlân foar it lûd. Se sille om bar fleane mei F-16's sûnder dat minsken witte hokker fleantúch de loft yngiet. Definsje wol de minsken sa alfêst wenne litte oan it lûd. Der wiene ek protesten by de oankomst fan de F-35's.