Kriminelen mei winkelferbod online op foto te sjen

Undernimmers moatte de kâns krije it risiko fan kriminaliteit yn it eigen bedriuw sa lyts mooglik te hâlden. Dat fynt de gemeente Ljouwert. Dêrom hâlden se moandei yn gearwurking mei de plysje in spesjale previnsjegearkomste. Dêr wiene workshops en ûnderlinge petearen oer hoe om te gean mei kriminaliteit en agresje.
Njonken de binnenstêd-ûndernimmers wiene dêr ek winkels op de Skrâns by belutsen. De winkellju kinne sûnt jannewaris gebrûk meitsje fan in online-systeem mei foto's fan minsken mei in winkelferbot. De oanwêzige winkeliers krigen op de workshopjûn trainingen hoe om te gean mei minsken dy't stelle yn harrenwinkel.