Omrop Súdwest en RTV NOF nominearre foar lanlike priis

23 maaie 2016 - 15:34
  • Jacob de Vries fan RTV NOF

Twa Fryske lokale omroppen meitsje kâns op in priis bij de Lokale Omroep Awards. Omrop Súdwest, de lokale omrop yn de Súdwesthoeke, is nominearre foar in priis yn de kategory telefyzje. RTV NOF, de omrop fan Dantumadiel, Dongeradiel en Kollumerlân makket kâns op in priis yn de kategory crossmediaal, wêrby't meardere media brûkt binne om in ferkiezingsprogramma te meitsjen.

De útrikking fan de prizen is op 10 juny yn Beeld en Geluid yn Hilversum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)