UPDATE: Spotters yn de file foar oankomst nije F-35

23 maaie 2016 - 19:32

De komst fan de nije F-35 soarge moandei foar ferkearsdrokte yn de omkriten fan de Fleanbasis Ljouwert. Oan it begjin fan de jûn stie der sels in lytse spottersfile. De earste fleantúchspotters wiene moandeitemiddei al nei de bult by Marsum tagien.

Om sawat kertier foar njoggenen sille de twa fleantugen fan it type JSF (F-35) op de fleanbasis yn Fryslân oankomme. It is foar it earst dat se fan Amearika nei Europa fleane. Guon Marsumers hawwe de flagge healstôk te hingjen, omdat it nije fleantúch te folle leven meitsje soe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)