Bou asylsikerssintrum Balk is úteinset

(argyffoto) © ANP
Yn Balk is begûn mei it pleatsen fan wenienheden foar it asylsikerssintrum. Neffens de gemeente De Fryske Marren lizze de wurksumheden op skema. De gemeente jout oan dat troch it wurk lûdsoerlêst ûntstean kin foar omwenners.
It azc klear moat yn augustus de earste bewenners ûntfange. Yn de ûnderkommens foar acht minsken sitte in wenkeamer, trije sliepkeamers, in keuken en sanitêr. Der komme ek gebouwen foar CAO-meiwurkers en flechtlingewurk, in berne-opfang en in sûnenssintrum. De gemeente hâldt op 9 juny in ynformaasjejûn oer it azc.