"Smellingerlân moat lange-termynplan ha foar ûndernimmers"

23 maaie 2016 - 14:12

De gemeente Smellingerlân moat mei in mearjierreplan komme foar de fêstiging fan nije bedriuwen yn de gemeente. Dêrneist moatte ûndernimmers mear belutsen wurde by it ûntwikkeljen fan nij belied foar promoasje en tsjinstferliening. Dat kin mei persoanlike kontakten, in digitaal ûndernimmerspanel of byienkomsten.

Dat binne de oanbefellings fan de gemeentlike rekkenkeamerkommisje, dy't ûndersyk die nei it fêstigingsklimaat yn Smellingerlân. Dat klimaat is goed, benammen foar ynnovative bedriuwen.

De oanpak fan de gemeente yn dizze sektor, soe neffens de rekkenkeamer ek foar oare bedriuwen jilde moatte. Wat de bedriuwen sels oanbelanget moat de gemeente him minder formeel opstelle en misse se in partner dy't mei harren meitinkt.

Se hawwe it dêrneist dreech om goed oplaat technysk personiel te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)