"Skoallen moatte mear gearwurkje om sluting foar te kommen"

23 maaie 2016 - 13:40
  • De delegaasje joech ek in gastles oer it eilân Bonêre

Bestjoeren fan lytse basisskoallen yn Fryslân én âlden moatte bewuster wurde fan de urginsje fan gearwurking. Der moat net wachte wurde oant it momint dat in skoalle ûnder de opheffingsnoarm komt. Dat seit bestjoersfoarsitter Wim-Jan Renkema fan de ûnderwiiskoepels Primus en De Basis.

Hy slút him dêrmei oan by de wurden fan steatssekretaris Sander Dekker. Dy fynt dat lytse basisskoallen yn krimpgebieten mear gearwurkje moatte mei oare basisskoallen. Neffens de steatssekretaris litte de skoallen it der no tefolle op oankomme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)