Begjinnend bestjoerder rydt tsjin it ferkear yn yn Ljouwert

Rydbewiis © ANP XTRA
De plysje hat snein ferskate ferkearsoertrêders trappearre yn Ljouwert. In 26-jierrige automobilist út Harns waard oanhâlden om't er ûnder ynfloed fan drugs achter it stjoer siet. De plysje sette de man op de Romkesleane oan de kant. Der is in bloedproef ôfnaam en syn rydbewiis is ynnaam.
In 18-jierrige automobilist út Zwolle is sneintenacht yn Ljouwert oanhâlden om't er tsjin it ferkear yn ried. Neffens de begjinnende bestjoerder stjoerde syn navigaasje him tsjin it ferkear yn. Syn rydbewiis is yn beslach naam.