Man naait út nei ûngelok en flechtet nei kafee yn Boalsert

23 maaie 2016 - 11:42

In drankrider (42) út de gemeente Súdwest-Fryslân is sneintenacht oanhâlden nei't hy op de A7 by de ôfslach Boalsert mei syn auto út de bocht flein wie. Hy naaide dêrnei rinnendewei út. De plysje krige in melding fan in tsjûge dat der in auto yn de boskjes lei.

Der wie net ien mear by de auto, mar de plysjes seagen oan de spoaren wol dat de bestjoerder ferwûne rekke wie. Se fûnen de man yn in kafee yn Boalsert. Syn ferwûnings foelen ta, mar de man is wol oanhâlden foar it riden mei drank op en it ferlitten fan it plak fan it ûngelok.

Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)