Man rydt yn op twa befeiligers nei oanriding by Dokkum

23 maaie 2016 - 11:20

In 20-jierrige automobilist út Surhústerfean is sneintejûn yn De Westereen oanhâlden nei't de man tsjin in oare auto oanriden wie. Dêrnei is er ynriden op twa befeiligers fan it oefenterrein yn de Marnewaard. De man wie nei alle gedachten ûnder ynfloed fan drugs.

Hy ried op de Wylster yn Dokkum tsjin de auto fan in 35-jierrige frou út de stêd. Har auto rekke swier skansearre, mar de frou kaam mei de skrik frij. De Feanster naaide út en ried dêrnei yn op de twa bewakers dy't him kontrolearje woene.

De plysje kaam de man gau op it spoar om't syn kenteken lizzen bleaun wie op it plak fan de oanriding mei de frou út Dokkum. Der is in bloedproef by de Feanster ôfnaam en hy sit noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)